IM easket taakstraf tsjin Ljouwerter nei frontale botsing

12 sep 2016 - 11:00

Tsjin in 30-jierrige Ljouwerter is in taakstraf fan 120 oeren easke foar it feroarsaken fan in ûngelok by Hallum. Op 19 septimber ferline jier helle de man trije auto's yn en ried derby oer in trochlutsen streep. Hy botste frontaal op in tsjinlizzer. Yn dizze auto sieten twa froulju.

De bestjoerster en de Ljouwerter rekken beiden ferwûne. De man mocht nei it ûngelok sân wiken lang net autoride. Dy straf hoecht hy fan de offisier fan justysje dêrom net noch in kear te krijen. De rjochter docht oer twa wiken útspraak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)