Akkrumer filmet en rint plysje foar de fuotten

12 sep 2016 - 10:53

De plysje yn Grou hat yn de nacht fan snein op moandei op de Stasjonswei in 19-jierrige Akkrumer oanhâlden. De jonge wie de plysjes oan it filmjen doe't dy yngrepen by in fjochterij tusken twa groepen. Hy rûn de plysjes yn it paad en warskôgings om oan de kant te gean holpen net. Doe't de plysje him oanhâlde woe, fersette er him dêrtsjin. De Akkrumer moat him yn desimber foar de rjochter ferantwurdzje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)