Boargemaster It Bilt slút twa drugshuzen

© Plysje
Boargemaster Gerrit Krol fan de gemeente It Bilt hat twa drugspannen oan de K. de Vriesstrjitte yn Sint-Jabik foar in healjier sletten. De plysje fûn by in ynfal yn juny drugs en in himpkwekerij yn de gebouwen.
Fierder stie dêr ek alderhande apparatuer foar it ferwurkjen fan drugs. De eigeners fan de gebouwen wiene nei de rjochter stapt om de sluting te kearen, mar de rjochtbank joech de boargemaster gelyk.