Kollum: Kut Reklame

12 sep 2016 - 10:46
  • De Toan fan Nynke van der Zee

Nynke van der Zee fan Aldegea (Smellingerlân) is freelance-tekstskriuwer en ek wurket sy geregeld as buroredakteur op de redaksje fan Omrop Fryslân. Nynke skriuwt kollums sa’t sy sels is: nuchter, mar eins altyd mei in knypeach. Se is te folgjen op har webside www.nynketxt.nl.

"Kollumniste Nynke de Jong skreau ferline wike in prachtige kollum oer de fagina. Nei oanlieding fan in folder fan Kruidvat wêryn’t reklame makke waard foar de faginale dûs fûn sy it heech nedich om yn de bres te springen foar de fagina. Neffens har mei in fagina gewoan rûke nei fagina. Dêr is gjin eucalyptus of beammegeur foar nedich. Lichemsdielen rûke sa’t se rûke, fynt se.

It duorre mar eefkes of ik kaam op YouTube ek it Kruidvat-spotsje tsjin. It wie yndie in yrritante reklame. En as moast it sa wêze, stroffele ik juster oer in twadde ‘kut-reklame’. Dit kear wie it in filmke fan Libresse op Facebook oer ûngesteld wêzen. It spotsje liet stoere froulju sjen, dy't blykber allegearre ûngesteld wiene, mar dóchs oan it sporten wiene. En doe kaam it boadskip. “No blood should hold us back. Live fearless.”

Ja, it is better as al dy ferskriklike reklames mei fan dy fleurige OB-froulju dy’t mei in aktetaske oer de dyk paradeare om’t se har gjin soargen mear hoege te meitsjen oer harren ûngesteldheid. Mar hiel earlik: it joech my dochs in kriebeltsje. Krekt as oft je in handicap hawwe at je ûngesteld binne. Tsjongejonge. Soest der in minderweardichheidskompleks fan krije as frou.

En dat is presys it punt dat Nynke de Jong yn har kollum fan ferline wike ek makket. Famkes fan tsjintwurdich wurde ûnwis makke oer harren eigen lichem. Mar dat komt neffens my ek omdat ús jeugd hieltyd preutser wurdt. Wy moasten as pubers nei ôfrin fan de training by de kuorbal ferplichte dûse. Dat stie letterlik op it papierke mei it wedstriidskema. Dûse heart der by.

Mar ik hear hieltyd mear heiten en memmen dy’t it prima fine dat de bern thús dûse. En ek by de fitness is der gjin puber mear dy’t noch ûnder de dûs doart te stappen. Dus hoe witst dan as puberfamke wat gewoan is? En wy hawwe it no wol oer de froulju, mar ik tink dat in puberjonge like ûnwis is. Dy twifelet ek oer syn pieleman.

Yn plak fan it âlderwetske 1.0 dûsen, giet tsjintwurdich alles 2.0 op sosjale media. Sa no en dan komt der wat foarby op snapchat, fan ik neam mar in Justin Bieber, dy't syn snikkel 'by fersin' efkes yn 'e frisse lucht bongelje lit as er poedel neaken op it balkon stapt. En samar ynienen is Justin syn tampeloeres IT foarbyld foar elke gewoane jonkjespiemel. Mar wa seit dat dit Justin syn echte piemeltsje is?

Foar itselde jild is syn apparaat foardat it yn de glossy’s belâne earst wat bewurke en útfergrutte mei Photoshop. De helte fan de foto's fan bekende popidoalen is yn it foar ûnder hannen naam. Dus tsja, ast dan as opsketten puberjonkje foar de spegel stiest en nei dyn eigen ‘Belieber’ sjochst, dan begjinst miskien dochs wat te twifeljen. Wylst dus eins gewoan yn de sek naaid wurdst.

Der is neffens my mar ien oplossing. Der moat wer âlderwetsk mingd dûst wurde. Dan binne we fan alle problemen ôf. Jonkjes kinne ris efkes goed sjen by jonkjes en tagelyk ek sjen hoe’t it der no eins by famkes útsjocht. En oarsom jildt dat krekt sa. In ‘vergelijkend warenonderzoek’. Nearne oankomme fansels, dat net. Mar ik bin der wis fan dat we der allegearre in hiel soad fan leare kinne.

Om werom te kommen by de kollum fan Nynke de Jong. Neffens har moat fagina wer gewoan rûke meie nei fagina. Krekt as in piemel rûkt nei piemel en - ik sis mar wat - fisk nei fisk. Dat makket it libben wol sa maklik, want dan wist presys wêr ast oan ta bist.

No ja, dat sis ik no wol. Mar lêstendeis ried der hjir in man troch it doarp dy't de fiskboer socht. Twa froulju stiene op de stoepe te praten, doe't de man it rútsje fan syn auto nei ûnderen draaide en frege wêr't er de fiskwein fine koe. De froulju hellen de skouders op. 'Mar gewoan op de geur ôfgean, dat kin hast net misse', wie it advys.

It duorre efkes en dêr kaam dyselde man wer oanriden. ‘Helpt it net om op de geur ôf te gean?', fregen de froulju. 'No', sei de man, 'dat haw ik besocht, mar dan kom ik hieltyd wer by jimme  út.' Hmm, miskien dan dochs mar efkes nei Kruidvat foar sa’n eucalyptus geurke."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)