FOTO: Reizgje troch de tiid op it sânskulptuerefestival

12 sep 2016 - 10:36

De organisaasje fan it sânskulptuerefestival yn Snits is oant no ta tige tefeden oer it ferrin fan it evenemint. Nei skatting hawwe tusken de 30.000 en 35.000 minsken al in besite brocht oan de sânskulptueren.

Dy binne sûnt 9 juny te sjen op it parkearterrein oan de Oppenhuizerwei yn Snits. It tema dit jier is 'Reizen door de tijd'. 

Fan dino's oant iPad

"Dat gaat van dinosaurussen tot de laatste technieken van deze tijd", fertelt Alec Messchaert fan de organisaasje. Grutte útfinings fan de lêste iuwen binne allegear te sjen yn it sân. 

Dêrby wol it festival de besikers ek wat bybringe oer de ûnderwerpen. "Bij de zandscultpuren staan bordjes met extra uitleg. Bijvoorbeeld bij de stoomlocomotief vertellen we wie het heeft uitgevonden, tot hoe lang de stoomlocomotief werd gebruikt enzovoort", seit Messchaert.

Foodtrucks

De hoareka fan it festival is dit jier wat oars ynrjochte as de ôfrûne trije edysjes. Wêr't se earder tinten mei iten en drinken hienen, is it dit jier mear mei foodtrucks. Messcchaert: "En daar krijgen we hele positieve reacties op."

Hy is dêrneist tige wiis mei it neisimmerwaar dizze moanne. "We begonnen begin juli nog wat rustig, omdat het weer toen wat tegenviel. Maar het weer van nu is echt een cadeautje. En een echte hittegolf is voor ons ook weer niet heel handig, want dan liggen de mensen liever in het water. Maar dit is echt super zo."

Skulptueren oanreitsje

It sânskulptuerefestival rint noch oant en mei 25 septimber. Messchaert giet der fan út dat it evenemint lykas de oare jierren ek no de 40.000 besikers wol wer hellet.

Op de lêste dei is der tradisjoneel wat ekstra's foar minsken mei in fisuele beheining. Sy meie de sânskulptueren dan oanreitsje. Op dizze wize kinne sy de kreaasjes ek 'sjen'.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)