Stellen skilderijen fan inkele tonnen weromfûn yn Ljouwert

De plysje hat yn in loads yn Ljouwert twa kostbere skilderijen weromfûn dy't yn 1999 by in gewelddiedige oerfal yn Bilthoven bút makke wiene. It giet om skilderijen fan de skilders Wouterus Verschuur en Isaac Israëls, dy't inkele tonnen wurdich binne. By de oerfal waarden sân skilderijen stellen. De oare fiif waarden in pear jier lyn weromfûn. De plysje fûn de skilderijen yn de loads fan in 37-jierrige Ljouwerter. De fjoerwapengefaarlike man waard ferline wike woansdei oanhâlden, tegearre mei in 24-jierrige man út Rijswijk.
Tafal
Yn de auto fan de Ljouwerter lei in stroomstjitwapen. Doe't de plysje ûndersyk die yn de loads fan de Ljouwerter, waarden de djoere skilderijen en trije kilo himp fûn. De skilderijen wurde no troch spesjalisten ûndersocht. De Ljouwerter sit noch fêst, de man út Rijswijk is wer frij.
1999
De oerfal wêrby't de skilderijen bút makke binne waard yn oktober 1999 dien yn in filla yn Bilthoven. De 84-jierrige bewenster wie neffens de berjochtjouwing fan dy tiid, allinnich thús. De frou is by de oerfal bot mishannele, en dêrby swier ferwûne rekke. Nei de oerfal bleaune de skilderijen lange tiid fermist, pas yn 2012 rûnen de kriminelen tsjin de lampe doe't se fiif fan de skilderijen fia in feilinghûs besochten te ferkeapjen. De fiif skilderijen wiene fan Joos de Momper de Jonge, Jan Steen, Herman Saftleven, Jan van Goyen en Salomon van Ruysdael.