Man oanhâlden om't er mei joint op oan it riden wie

© Omrop Fryslân
In 21-jierrige ynwenner fan de gemeente It Bilt is yn de nacht fan snein op moandei syn rydbewiis kwytrekke, om't hy mei in joint op efter it stjoer fan syn brommobyl siet. De man waard op de Jelsumerstrjitte yn Ljouwert oanhâlden. De plysjes koene in sterke himplucht rûke en seagen op it dashboard in joint lizzen. De man joech fuortendaliks ta dat hy in joint smookt hie.
Dêrneist sei er dat er medisinen brûkte dy't fan ynfloed wêze kinne op syn rydgedrach. Njonken dat syn rydbewiis yn beslach naam is, is der proses-ferbaal tsjin de man opmakke.