Ekstra omtinken foar eagen yn Snits

12 sep 2016 - 07:11
  • Eachdokter

It Antonius Sikehûs yn Snits freget dizze wike ekstra omtinken foar de eagen. Mei in each fan fiif meter heech yn de sintrale hal fan it sikehûs begjint hjoed de Wike fan it Each. It sikehûs hâldt bygelyks lêzingen oer it âlder wurden fan it each. Hoe âlder je wurde, hoe grutter de kâns op problemen mei de eagen.

Hilda Snippe fan Ljouwert is ien fan de minsken dy't problemen mei de eagen hat. Se sjocht mei ien each noch krekt in prosint, en mei de oare hielendal neat mear. Se wit goed hoe't it is om hieltyd minder te sjen, en riedt minsken dy't ek fernimme dat it minder wurdt oan om foaral help te sykjen. Sa neamt se petearen mei lotgenoaten as in hiele wichtige stipe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)