Bloggersevenemint yn De Alde Feanen sukses

11 sep 2016 - 22:13
  • De Alde Feanen

Fjirtjin travelbloggers hawwe dit wykein it nasjonaal park De Alde Feanen besocht. Se krigen dêr fan alles te sjen en te dwaan, lykas skûtsjesile en nachtsloep farre. Ek ha se musea besocht en gongen se op speeddate mei ûndernimmers yn it gebiet. Doel fan it bloggersevenemint wie om De Alde Feanen lanlik better op de kaart te setten.

Yn it wykein waarden hast 500 berjochten op social media pleatst mei de hashtag #npdaf16 en koene goed 225.000 minsken op ynternet meigenietsje fan de aventoeren fan de bloggers. De organisaasje wie tefreden.

It nachtsloep farre hat in soad yndruk makke op blogger Michal Oppenheimer van út Rotterdam. "Het is in De Alde Feanen ’s avonds aardedonker. Ik heb de Melkweg gezien en een aantal vallende sterren. Die zie ik in de Randstad nooit."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)