Organisaasje Polo Riis wol minstens noch fiif jier troch

De organisatoaren fan Polo Riis, it earste polo-evenemint yn Fryslân, binne fan plan om noch op syn minst in jier as fiif troch te gean. Dêrnei wurdt besjoen oft it echt takomst hat.
It evenemint waard dit wykein hâlden op it bûten Riis fan eigener Ule Haarsma. Haarsma sit ek yn de organisaasje yn gearwurking mei âld-Thialfdirekteur Johan Schikker en Virgil Hoekstra dy't in evenemintebedriuw hat.
Mei syn trijen en mei help fan sa'n santich sponsors besykje se mei Polo Riis in nij en unyk evenemint yn Fryslân op de kaart te setten foar it sakelibben en it grutte publyk, en tagelyk mear omtinken foar de polosport te krijen.
De earste edysje luts neffens Haarsma in pear tûzen besikers. Dêrmei is it projekt net hielendal út de kosten mar dat hoopje de inisjatyfnimmers takom jier goed te meitsjen.