Jannick de Jong ferspilet Europeeske titel gersbaan

11 sep 2016 - 20:23

Jannick de Jong is der net yn slagge foar de fjirde kear Europeesk kampioen gersbaan te wurden. Yn it Ingelske Swingfield helle de ynwenner fan De Gordyk, krekt as Fries om utens Dirk Fabriek, de A-finale. Beide koereurs hiene 17 punten. Allinne de Frânsman Mathieu Tresarrieu hie der twa mear.

Yn de grutte finale gong Jannick de Jong yn de earste bocht ûnderút en waard diskwalifisearre. Dirk Fabriek foel út. Sadwaande waard Fabriek fiifde en De Jong sechsde. De titel gong nei de Brit James Shanes.

Shanes hie mei in twadde plak yn de B-finale op haren en snaren de A-finale helle. Tresarrieu waard twadde yn de einstân, Andrew Appleton tredde.

Mark Helmhout, Henry van der Steen en Sjoerd Rozenberg spilen in byrol yn Swingfield.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)