Topdrokte op De Lemmer by evenemint 'Nazomeren'

11 sep 2016 - 20:05

Topdrokte wie it dit wykein op De Lemmer. De njoggende edysje fan it evenemint 'Nazomeren in Lemmer' luts inkelde tûzenen besikers. Minsken koene der monuminten besjen en genietsje fan kultuer, muzyk en âlde ambachten.

De aktiviteiten begûnen mei in sylwedstriid mei Lemster aken. Fierders wiene der autentike boaten, âlde trekkers en motors te bewûnderjen. Ek wie der muzyk fan ûnder oare it Frysk Fanfare Orkest en koe it Woudagemaal besichtige wurde. De organisaasje is tige tefreden oer it ferrin fan it evenemint.

Takom jier wurdt 'Nazomeren in Lemmer' op 8 en 9 septimber hâlden.

Trefwurden: 
topdrokte Nazomeren De Lemmer
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)