Bauke Triemstra-en-dy winne haadklassepartij yn Marsum

11 sep 2016 - 18:27

It keatspartoer Bauke Triemstra, Dylan Drent en Jan Schurer hat snein de haadklassepartij yn Marsum wûn. Mei 5 om 4 en 6-2 waard it trio Elgar Boersma, Taeke Triemstra en Patrick Scheepstra yn de finale ferslein. It tredde plak wie foar Marten Bergsma, Herman Sprik en Hans Wassenaar.

Foar Jan Schurer wie it de earste oerwinning yn de haadklasse. Bauke Triemstra waard útroppen ta kening fan de partij.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)