Swimmer Van de Voort yn finale 200 meter wikselslach

11 sep 2016 - 16:34

Swimmer Olivier van de Voort út Elslo hat him snein yn Rio pleatst foar de finale fan de 200 meter wikselslach yn de klasse SM10. Van de Voort swom de ôfstân yn in tiid fan 2.13,98. De Oekraïner Denys Dubrov wie de rapste yn de searjes en swom mei in tiid fan 2.09,23 in paralympysk rekôr.

De 18-jierrige Olivier van de Voort wûn sneontenacht sulver op de 100 meter rêchslach yn de klasse S10 yn in nij persoanlik rekôr fan 58.10.

Sjoch foar al it nijs oer de Paralympyske Spelen op omropfryslan.nl/ps.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)