Snits Wyt Swart pakt punten mei 2-1 winst tsjin Hearrenfean

11 sep 2016 - 16:13

Snits Wyt Swart hat snein trije punten pakt mei in 1-2 winst tsjin VV Hearrenfean. De earste helte fan de wedstriid yn de haadklasse A ferrûn sûnder grutte kânsen foar beide ploegen en dêrtroch wie de stân by rêst 0-0.

Nei de tee brocht Age Hains Boersma yn de 74e minút de stân mei in kopbal op 0-1. Dat punt waard tsien minuten letter ferdûbele troch in strafskop fan Wesley Tankink: 0-2 foar de Snitsers. Ien minút letter brocht Hearrenfean de spanning noch even werom op it thúsfjild mei in treffer fan Kevin Regts, einstân 1-2.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)