Steuring REC Harns is foarby

11 sep 2016 - 13:55
  • De pijp fan de REC yn Harns

De steuring by de REC yn Harns is wer foarby. Sneontemoarn betiid ûntstie der in steuring yn de ynstallaasje fan de ôffaloven. Dêrtroch wie der in hegere útstjit fan stofdieltsjes en wie der tydlik in reekplom te sjen by de REC. It ferbrâningsproses is doe fuortendaliks stopset.

Nei ûndersyk koe de technyske steuring sneontenacht oplost wurde. It die bliken dat it om in triedbreuk gie fan in temperatuersensor yn de bestjoering fan de ID-fan. De ynstallaasje is opnij opstart. Nei ferwachting sil de REC sneintejûn wer yn bedriuw wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)