Jurgen Streppel: "Het was genieten"

11 sep 2016 - 11:23
  • Jurgen Streppel

Trainer Jurgen Streppel fan SC Hearrenfean is tige tefreden oer de winst fan sneontejûn op FC Twente. It waard 3-1 yn it Abe Lenstrastadion. Benammen oer it spul fan syn ploech yn de earste helte is Streppel goed te sprekken. "Ik heb genoten van de eeste helft en was erg onder de indruk", seit de entûsjaste trainer.

Neffens him klopte alles yn de earste helte: "Positiespel, opkomende backs, gevaarlijke buitenspelers, een balvaste spits, het was genieten!" It iennige minpunt wie dat Hearrenfean mar ien doelpunt makke yn dy earste helte.

Marzo

Ferdigener Stefano Marzo hie in wichtige rol yn de winst mei twa assists. Hy wol dit seizoen faker beslissend wêze yn de einpassings op it fjild. "Ik ben goed begonnen aan het seizoen. Ik heb nu al meer assists gegeven dan vorig seizoen", sa seit Marzo. Ek hy wie tefreden oer it spul yn de earste helte.

De twadde helte wie in stik minder goed. Marzo ferklearret de delgong fan it nivo troch in ferslopping nei de earste helte. It team kaam net skerp út de klaaikeamer krekt omdat se sa bliid wiene mei it spul út de earste helte. "Daar moeten we in volgende wedstrijden rekening mee houden", beseft Marzo.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)