Pontsjes farre in wike langer troch it moaie waar

11 sep 2016 - 09:48

De pontsjes op de fytsrûte De 8 van Grou farre in wike langer troch fanwegen it moaie waar. De pontsjes Gastvrij yn Grou, Snoeckbears yn De Grêft, De Oerhaal yn Warten en Schalkediep yn Suwâld farre no oant en mei snein 18 septimber noch eltse dei. Dêrnei farre se allinnich noch yn it wykein fan 23, 24 en 25 septimber.

It folsleine oersjoch fan de pontsjes stiet op de webside fan De 8 van Grou.

Trefwurden: 
pontsjes De 8 van Grou
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)