Auto oer de kop by Terwispel, ien ferwûne

11 sep 2016 - 08:32

By in auto-ûngelok op de A7 by Terwispel is sneontenacht in 38-jierrige Grinslanner ferwûne rekke. De autobestjoerder rekke troch noch ûnbekende oarsaak fan de wei, fleach oer de middenfangrail en bedarre op de oare rydbaan. In oare auto botste hjir boppe-op.

De helptsjinsten waarden oproppen om help te ferlienen. De bestjoerder rekke licht ferwûne, de auto rekke swier skansearre. Sa ferlear de auto troch de klap trije fan de fjouwer tsjillen.

De plysje docht ûndersyk nei de oarsaak fan it ûngelok.

Trefwurden: 
ûngelok A7 Terwispel
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)