Goud foar Bruinsma, sulver foar Van de Voort yn Rio

11 sep 2016 - 08:00
  • Liesette Bruinsma, ien fan de suksesfolle Fryske sporters by de Paralympyske Spelen yn Rio
  • Olivier van de Voort

Liesette Bruinsma út Wommels hat sneontenacht by de Paralympyske Spelen yn Rio goud wûn op de 400 meter frije slach yn de klasse S11. De 16-jierrige naam by de start fuortendaliks in flinke foarsprong op de konkurrinsje en boude dy fierder út. Se tikke úteinlik oan yn 5.15.08. Se wie dêrmei oardel sekonde rapper as de Italiaanse Cecilia Camellini, dy't nei 5.16.36 swom.

"Ik haw hjir fan dreamd. Oare minsken dreame derfan de Postcodeloterij te winnen, mar dat is net reëel. Sa'n gefoel haw ik no ûngefear, mar dan tsien kear moaier", reagearre de bline swimster.

Olivier van de Voort

De 18-jierrige Olivier van de Voort út Elslo wie ek suksesfol by it swimmen. Hy wûn sulver op de 100 meter rêchslach yn de klasse S10 yn in nij persoanlik rekôr fan 58.10. Van de Voort wie de wrâldrekôrhâlder op dizze ôfstân (58.58), mar dat rekôr waard út de boeken swommen troch Maksym Krypak út Oekraïne. Krypak swom nei 57.24 en pakte it goud. In oare swimmer út Oekraïne, Denys Dubrov, wûn it brûns yn in tiid fan 59.27.

Sneon wie in suksesfolle dei foar de Fryske Olympiërs. Earder sneon wûn Alyda Norbruis út Oerterp goud op de 500 meter tiidrit by it baanhurdfytsen yn Rio.

Sjoch foar al it nijs oer de Paralympyske Spelen op omropfryslan.nl/ps

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)