SC Hearrenfean wint mei 3-1 fan FC Twente

10 sep 2016 - 22:45

SC Hearrenfean hat sneontejûn yn it Abe Lenstrastadion mei 3-1 wûn fan FC Twente. Yn de earste helte wie it de Iraniër Reza Ghoochannejhad dy't Hearrenfean yn de 35e minút mei in kopbal op 1-0 foarsprong brocht. It wie it 750e doelpunt yn de skiednis fan SC Hearrenfean.

Nei rêst skopte Sam Larsson yn de 66e minút de bal fia de binnenkant peal it doel yn en brocht de stân op 2-0. Twente besocht it noch mei in goal fan Bersant Celina (2-1), mar yn de ekstra tiid wie de striid beslikke mei opnij in treffer fan Reza Ghoochannejhad (3-1).

Trefwurden: 
SC Hearrenfean fuotbal
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)