Spitssnútdolfyn spielt oan by Waaddyk op Skylge

10 sep 2016 - 21:55

Op Skylge is sneontemiddei in spitssnútdolfyn oanspield oan de Waadseekant fan it eilân. It bist wie al dea doe't er troch foarbygongers fûn waard lâns de Waaddyk by Lys. De dolfyn is út it wetter takele en ôffierd.

De spitssnútdolfyn is in walfisksoart en swimt gewoanwei yn it djippe wetter fan de Noardsee.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)