Paralympysk CP-fuotbalteam mei 2-0 te sterk foar Argentinië

10 sep 2016 - 20:53
  • Fuotbalfjild

It Nederlânske paralympyske CP-fuotbalteam, mei dêryn de Friezen Teddy Witjes en Stefan Boersma, hat sneon yn Rio mei 2-0 oertsjûgjend wûn fan Argentinië. Oranje stiet no boppe-oan yn pûl B en komt sa wer in stapke tichterby de heale finales fan it CP-fuotbal op de Paralympyske Spelen.

Ofrûne tongersdei spile it Nederlânske team mei 2-2 lyk tsjin Amearika. Kommende moandei moat it tsjin Iran fuotbalje.

Sjoch foar al it nijs oer de Paralympyske Spelen op omropfryslan.nl/ps

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)