Swimster Liesette Bruinsma pleatst har foar finale 400 meter

10 sep 2016 - 18:36

Liesette Bruinsma hat har sneon pleatst foar de finale fan de 400 meter frije slach op de Paralympyske Spelen yn Rio. De 16-jierrige swimster fan Wommels sette in tiid del fan 5.20.04 en finishte yn de earste searje krekt achter de Italiaanse Cecilia Camellini.

Beide swimsters binne favoriten foar it goud yn de finale dy't om 01:00 oere Nederlânske tiid hâlden wurdt.

Sjoch foar al it nijs oer de Paralympyske Spelen op omropfryslan.nl/ps

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)