LDODK wint fan Oranje Wit, SCO spylt lyk tsjin Tweemaal Zes

10 sep 2016 - 18:18

De kuorballers fan LDODK wûnen sneon de útwedstriid by Oranje Wit mei 27-20 yn de eareklasse. Yn Dordrecht wist LDODK yn de earste helte stadichoan út te rinnen nei in 15-10 foarsprong by it skoft. Nei rêst makke de ploech fan trainer Erik Wolsink ienfâldich dien wurk.

In klasse leger spile SCO op eigen fjild mei 17-17 lyk tsjin Tweemaal Zes. De ploech fan trainer Aegle Frieswijk seach by rêst tsjin in 11-6 efterstân oan. De Aldeholtpeasters rûnen de skea nei de tee lykwols knap yn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)