Harkemase Boys ferliest mei 2-1 fan Jong FC Volendam

10 sep 2016 - 17:36

Harkemase Boys ferlear sneon mei 2-1 fan Jong FC Volendam. Yn Volendam kamen de Harkiten al nei tolve minuten op efterstân. De Volendammers krigen fierwei de bêste kânsen, mar slaggen der net yn echt út te rinnen.

Yn de twadde helte makke de thúsploech der 2-0 fan, mar Klaas Schotanus soarge foar de rappe oanslutingstreffer. Fierder kaam de ploech fan trainer Henk Herder net. Beide teams einigen de wedstriid mei tsien man, nei twa reade kaarten yn de slotfase.

Trefwurden: 
Harkemase Boys fuotbal
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)