"Moai waar lûkt gjin ekstra besikers op monumintedei"

10 sep 2016 - 17:25
  • De fjoertoer fan Flylân

Rûnom yn Fryslân koene sneon wer monuminten besjoen wurde, yn it ramt fan de jierlikse monumintedei. It moaie waar hie net folle ynfloed op it besikersoantal op de iepen dei, sa sei streekhistoarikus Johan Groenewoud út Balk. Hy hat sels in eksposysje mei foto's en guod dy't te meitsjen ha mei de skiednis fan syn wenplak.

Yn hiel Nederlân binne mear as fjouwertûzen monuminten fergees te besjen op monumintedei.

Yn Fryslân kin bygelyks de Ayasofya Moskee yn Snits besocht wurde, mar ek de fjoertoer fan Flylân en de Nederlâns Herfoarmde Grutte Tsjerke fan Harns.

Snein 11 septimber is it ek noch iepen monumintedei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)