ONS Boso Snits wint mei 1-0 fan koprinner ODIN '59

10 sep 2016 - 17:05

ONS Boso Snits wûn sneon de fyfde wedstriid fan it seizoen mei 1-0 fan koprinner ODIN '59. Op it Sudersportpark yn Snits krigen de gasten út Heemskerk al yn de fjirde minút in strafskop, mar ODIN fersomme de opleine kâns te fersulverjen. Ek ONS slagge der net yn te skoaren foar de tee.

Nei it skoft tekene Fabian Stevens yn de 49e minút foar de Snitser iepeningstreffer. Yumé Ramos liet it yn de slotfaze sitten om de wedstriid definityf yn it slot te smiten.

Troch de winst klimt de ploech fan trainer Richard Karrenbelt nei it sânde plak yn de tredde difyzje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)