Alyda Norbruis pakt gouden medalje op de 500 meter yn Rio

10 sep 2016 - 15:43
  • Alyda Norbruis mei har gouden medalje yn Rio
  • Alyda Norbruis yn Rio

Hurdfytster Alyda Norbruis hat sneon in gouden medalje pakt op de 500 meter tiidrit by de Paralympyske Spelen yn Rio de Janeiro. Se ried in tiid fan 36,908 en ferbettere dêrmei har eigen wrâldrekôr. It sulver wie foar de Australise Amanda Reid en it brûns gong nei Zhenling Song út Sina.

Fjouwer jier lyn yn Londen wûn Norbruis sulver op itselde ûnderdiel. Doe wie se ek favoryt, mar krige yn de tarieding in blinetermûntstekking.

It gouden plak is de twadde medalje foar de hurdfytster fan Oerterp. Tongersdei pakte se brûns op de 3.000 meter yndividuele efterfolging. Dat wie de earste medalje foar it Nederlânske paralympyske team yn Rio.

Sjoch foar al it nijs oer de Paralympyske Spelen op omropfryslan.nl/ps

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)