Soad reaksjes op enkête oer Fryske húsdoktersposten

10 sep 2016 - 14:10
  • Húsdokter

Der is in soad belangstelling foar it ûndersyk fan Omrop Fryslân nei de Fryske húsdoktersposten. Hûnderten Friezen ha yntusken reagearre op de enkête. Hieltyd mear minsken meitsje gebrûk fan de húsdoktersposten. Yn 2015 diene de húsdoktersposten yn hiel Nederlân sa'n 4,1 miljoen ferrjochtings.

Dat is in stik mear as yn de jierren derfoar. Mar betsjut dat ek dat jo miskien wol langer wachtsje moatte foardat jo holpen wurde? Of miskien witte jo de húsdokterspost wol flugger te finen en is it allinne mar makliker wurden.

Omrop Fryslân wol graach witte hoe't it giet mei de Fryske húsdoktersposten en dêr ha wy jo by nedich. Meidwaan kin noch hieltyd, folje dêrom de enkête yn! It kostet mar in pear minuten. Oer goed in wike fertelle we jo dan wat Fryslân fynt fan de húsdoktersposten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)