Waadwachtpost op De Kalkman offisjeel iepene

Net mear in hokje, mar in echte Waadwachtpost op De Kalkman. Sneon wie de offisjele iepening fan de nije útkykpost. It wie in drege put om de post klear te meitsjen, benammen troch alle regels dy't folge wurde moasten, mar hy stiet der.
It nije ûnderkommen is rommer en leit op 800 meter fan de âlde lokaasje. Dat is mei dien omdat it tichteby de fargeul is en omdat besikers net mear troch in flechtplak foar fûgels hinne kuierje op wei nei de toer.