Wapenbesitters oppakt troch de plysje

10 sep 2016 - 10:51

De plysje hat freedtenacht op de A6 tusken De Lemmer en Bant in man oanhâlden. By kontrôle die bliken dat der yn de auto in fjoerwapen lei. De man fan 28, wêrfan't it wenplak ûnbekend is, joech ta dat it wapen fan him wie. It is yn beslach naam. Ek yn Boalsert hat de plysje in man oanhâlden op fertinking fan ferbean wapenbesit. Der wie in melding kaam dat der sketten wêze soe op de Ryksstrjitwei.

It die bliken dat in man fan 25 fan It Hearrenfean dat mei in alarmpistoal dien hie. Dat wie neffens de plysje net fan echt te ûnderskieden. De man hie ek noch in lytse party harddrugs by him.

.

Trefwurden: 
plysje wapen De Lemmer Boalsert
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)