Soargen by bouboeren yn Lauwersmargebiet om wetterpeil

10 sep 2016 - 08:20

Bouboeren yn it Lauwersmargebiet meitsje har grutte soargen oer in proef om it wetterpeil fan de Lauwersmar te ferheegjen. Om de proef te kearen is it Nederlânsk Ikkerbou Fakbûn no nei de Ried fan Steat ta stapt. It giet om in proef wêrby't it wetterpeil sa'n fjirtich sintimeter omheech brocht wurdt. De feroaring soe liede ta better slib en reid, en der soene mear fûgels yn it Lauwersmargebiet komme.

Neffens it fakbûn krije boeren yn de omjouwing fan it Lauwersmargebiet lêst fan de ferheging fan it wetterpeil. It lân fan de boeren soe langer wiet bliuwe, wêrtroch't de boeren minder tiid hawwe. ''Benammen by ekstreem waar giet de wetterôffier mei in heger wetterpeil in stik minder fluch. Dêrtroch kin skea ûntstean oan it lân. Dan stiet de boer mei lege hannen'', sa seit foarsitter en bouboer Teun de Jong.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)