Plysjekontrôle by It Hearrenfean, rydbewizen ynfoardere

© ANP
De plysje hat freedtenacht yn de omjouwing fan It Hearrenfean fan trije minsken it rydbewiis ôfnommen. Ien fan har, in 32-jierrige ynwenner út dat plak, makke it op de dyk nei Akkrum wol hiel bûnt. Op in 80-kilometerdyk ried de man nei korreksje 178 kilometer yn de oere. Syn rydbewiis is ynfoardere en de motor fan de hurdrider is yn beslach naam.
Ek in 30-jierrige motorrider en in 17-jierrige jonge op in bromfyts, beiden ynwenners fan de gemeente Hearrenfean, rekken harren papierke kwyt fanwege te hurd riden.