Skipper rekket ferwûne by Skiermûntseach

10 sep 2016 - 07:22

In skipper is freedtemiddei earnstich ferwûne rekke oan syn hân doe't er syn anker útsmite woe. Dit barde krekt eastlik fan Skiermûntseach. De skipper skeakele nei it ûngelok fuortendaliks de help fan de KNRM yn, dy't mei twa rêdingsboaten nei him ta gie. Yn oerlis mei de Radio Medische Dienst en de Kustwacht is dêrnei it beslút naam om ek de traumahelikopter fan it UMCG yn Grins op te roppen.

De meiwurkers fan de traumahelikopter hawwe de man op lokaasje ûndersocht en meinaam nei it sikehûs yn Grins. Mei in saneamde HOIST-aksje is de man op in rêdingsbrankaar oan board fan de traumahelikopter takele.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)