Royale winst foar SC Cambuur tsjin Almere City

09 sep 2016 - 22:08

SC Cambuur hat freedtejûn yn eigen hûs mei 4-1 wûn fan Almere City. De Ljouwerters wienen yn har sechsde wedstriid op syk nei winst, want de klup wûn noch mar ien wedstriid. Nei in dominante earste helte mei it measte balbesit foar Cambuur stie it noch 0-0.

Nei in oere sette Djavan Anderson de Ljouwerters op foarsprong. Flak foar de ein kaam der faasje yn it spul. Hoefdraad skoarde yn de 82ste minut, twa minuten letter kaam de tsjingoal. De Ljouwerters joegen doe fol gas. Martijn Barto skoarde de 3-1 en Erik Bakker sette de 4-1 op it boerd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)