Geart Tigchelaar wint Obe Postmapriis 2016

09 sep 2016 - 21:52
  • Geart Tigchelaar is ûnderweis op syn fyts

Skriuwer en oersetter Geart Tigchelaar (1987) hat de Obe Postmapriis 2016 wûn foar syn oersetting 'Erik of it lyts ynsekteboek' fan Godfried Bomans. Dat is freedtejûn bekend makke op it Frysk Boekefeest yn Tresoar.

It is Tigchelaar neffens de advyskommisje tige goed slagge om de blomrike taal yn dizze klassiker út de Nederlânske literatuer oer te setten yn it Frysk. Tagelyk hat Tigchelaar de dûbelde laach yn it ferhaal yntakt hâlden.

De Obe Postmapriis is yn 1984 troch de provinsje Fryslân ynsteld. It is de priis foar oersettingen yn en út it Frysk, yn alle sjenres. De priis wurdt om de fjouwer jier útrikt en bestiet út in oarkonde en in bedrach fan 2000 euro.

Nominaasjes

De advyskommisje hie fjouwer boeken nominearre. De oare nominearren wienen Harke Bremer en Jarich Hoekstra mei de oersetting De ferjilder fan Marten Toonder, Piter van der Veen mei In see fan stilte fan Vercors en Tsead Bruinja mei syn bondel Stofsûgersjongers / Stofzuigerzangers.

It Frysk Boekefeest is de iepening fan SWALK Frysk op toernee. Op ferskate plakken yn Fryslân binne oant en mei 18 spetimber literêre programma’s mei optredens. Op it Boekefeest binne ek it Kadoboek Neiskrift fan Marga Claus en Aggie van der Meer en it Aksjeboek foar bern Wapper fan Yke Reeder presintearre.

Priisútrikking 

Op freed 4 novimber rikt deputearre Sietske Poepjes de priis út yn it Stedhâlderlik Hof yn Ljouwert. 

 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)