Draafhynder Derek wint syn earste race yn seis jier

09 sep 2016 - 19:00

Derek Buitenzorg hat syn earste koers wûn. It draafhynder is yn 2010 troch de sportredaksje fan Omrop Fryslân fan de slacht rêden. Nei ferskate eareplakken op Wolvegea wie Derek freed de sterkste yn koers 6 op Duindigt yn Wassenaar.

Derek lei de hiele wedstryd goed yn it fjild en sloech, mei gastpikeur Jos Verbeeck foar it earst op de sulky, yn de lêste meters fan de race ta. Syn tiid wie 1.17.3 en dêrmei krijt de winner 700 euro.

Fans fan it draafhynder reagearje op Facebook entûsjast op de oerwinning. Ek draafsportkommentaror Hans Sinnige reagearret: "Een emotioneel moment, na de radiouitzending waarna jullie hem, spontaan kochten hebben we even moeten wachten. Maar luister het maar terug, een dag na de veiling zeiden we: deze gaat winnen :)"

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)