Bistedokter Pol komt nei Drachten foar hynstekeuring

09 sep 2016 - 18:37

De bekende bistedokter Jan Pol fan de telefyzjesearje 'The Incredible Dr. Pol' op National Geographic Channel, sil op 17 septimber de bokaal foar de kampioen fan de Sintrale Keuring yn Drachten útrikke.

Pol hat sels twa Fryske merjes en woe graach in besite bringe oan it hynste-evenemint. De top fan de Fryske merjes is presint op de Sintrale Keuring, dy't fan 14 oant en mei 17 septimber hâlden wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)