Fernijde Buorren yn Winaam is iepene

De Buorren yn Winaam leit der wer kreas by. It wurk oan de sintrale strjitte troch it doarp is freed offisjeel ôfsletten troch it werompleatsen fan it keunstwurk 'De Kat'. Earder stie dat by de basisskoalle, mar nei't dy sletten waard, is no in eareplak fûn oan de fernijde Buorren.
It plan fan de werynrjochting is troch it doarp sels tekene en meifinansierd troch jild dat frijkaam fanwege boaiemdelgong troch de sâltwinning.