Yuki Kobayashi yn de basis tsjin FC Twente

09 sep 2016 - 17:41

Yuki Kobayashi begjint sneontejûn tsjin FC Twente yn de basis by SC Hearrenfean. De Japanse middenfjilder nimt it plak yn fan Younes Namli. It is foar Kobayashi it earste basisplak sûnt syn komst nei Nederlân. Ferline wike spile hy wol sântich minuten yn de oefenwedstriid tsjin Telstar.

Fierder spilet Jurgen Streppel mei deselde spilers. Mitchell Te Vrede is noch altyd blesseard, Doke Schmidt hat al wol wer meitraind, mar sit noch net by de seleksje.

Opstelling: Mulder, Marzo, St. Juste, Van Aken, Bijker, Schaars, Kobayashi, Van Amersfoort, Zeneli, Reza en Larsson.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)