Wolvegeasters meie langer op terras sitte

© ANP XTRA
Keninklike Hoareka Stellingwerven is bliid mei de proef fan de gemeente om de iepeningstiden fan de terrassen yn Wolvegea te ferromjen. Earder moasten terrassen om 23.00 oere jûns ticht, no meie se iepen bliuwe oant de slutingstiid fan it hoarekabedriuw. De proef duorret oant septimber takom jier. Dêrnei wurdt de proef evaluearre.