Plysje Ljouwert drok mei ferfelende stappers

© ANP XTRA
De plysje yn Ljouwert hat tongersdeitejûn en -nacht drok west mei stappers. Twa Ljouwerters fan 26 en 27 jier binne koart achter mekoar op it Aldehoustertsjerkhôf oanhâlden om't se in mes by harren hiene. In 19-jierrige jonge út de gemeente Ljouwerteradiel is oanhâlden nei't hy in famke in klap jûn hie. In 25-jierrige Hallumer krige in proses-ferbaal nei't de man út in hoarekasaak oan it Ruterskertier set wie om't er ferfelend die.