Takomst smoarchwetterboat stiet faai

09 sep 2016 - 17:06

It jild om de smoarchwetterboat takom jier farre te litten is op. De boat fan it Fryske Marreprojekt fart no goed trije jier op it Fryske wetter. Rûnom yn de provinsje kinne boatsjeminsken har smoarch wetter ophelje litte. Dêr wurdt in soad gebrûk fan makke.

It projekt is sels útwreide. Dit jier leit foar it earst in mobile suveringsynstallaasje fan de Marrekrite by Grou. It smoarchwetter kin dêr brocht wurde en wurdt fuort skjinmakke. It is oan de polityk oft der nij budzjet komt foar de smoarchwetterboat.

Der is dit jier al 24.000 liter smoarchwetter ophelle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)