Ferwûnen en skea by twa ûngelokken op It Fean

© De Vries Media
Op It Hearrenfean ha freedtemiddei twa ûngelokken west. Op de Boargemaster Falkenawei botsten twa auto's op mekoar, doe't ien fan de bestjoerders út in sydstrjitte wei de Falkenawei opride woe en de oare auto net seach. Ien fan de belutsenen is nei it sikehûs brocht, de auto's binne fuortsleept.
By it busstasjon botsten in streekbus en in auto op mekoar. De bestjoerster fan de auto waard net goed en is behannele troch meiwurkers fan de ambulânse. De auto en de bus rekken aardich skansearre.