Boeren binne benaud foar ûnearlike konkurrinsje

09 sep 2016 - 15:48

De lânboukoälysje, mei dêryn ek de Dutch Dairymen Board en it Melkfeehâldersbûn, is benaud foar ûnearlike konkurrinsje, mocht Nederlân akkoart gean mei in hannelsferdrach mei Amearika en Kanada.

Neffens de Nederlânske boeren wurdt dêr goedkeaper produsearre, om't se dêr minder strange regels foar bistewolwêzen, feiligens fan it iten en miljeu hawwe. As de ymportheffingen as gefolch fan it akkoart fuortfalle, sil dit grutte negative gefolgen ha foar de ynkomsten fan de Nederlânske boeren.

De organisaasjes ha minister Ploumen fan bûtenlânske hannel freed frege der nochris goed nei te sjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)