Doutzen Kroes komt yn aksje tsjin jacht op oaljefanten

Doutzen Kroes op de Amsterdam Fashion Week © ANP
Doutzen Kroes komt yn aksje tsjin de jacht op oaljefanten. It topmodel stipet de aksje fan it Elephant Crisis Fund, dat tsjin de jacht is. Op Twitter ropt Doutzen minsken op om jild te jaan foar de aksje. Mei it jild dat ophelle wurdt, kinne hûnen ynset wurde om ivoar en streupers op te spoaren.
Ek wurdt minsken frege om in knoop te lizzen. Doutzen lit yn in filmke sjen wat de bedoeling is: sa knopet se in sjaal om in beam hinne. Mei de leus 'Knot on my Planet' wurdt besocht bewustwurding te krijen foar it lot fan de oaljefanten.