Ekspedysje Borkumse Stenen: natuer yn kaart bringe

Dûkers en wittenskippers binne freed ôfset foar in ekspedysje fan tsien dagen om de natuer yn Borkumse Stenen, in gebiet noardlik fan Skiermûntseach, better yn kaart te bringen. It Wereld Natuur Fonds, Stichting De Noordzee en Stichting Duik de Noordzee Schoon, wolle sa dúdlik meitsje dat der sa gau mooglik beskerme natuergebieten yn de Noardsee oanwiisd wurde moatte. Derneist wurde der op de ekspedysje fisknetten en fisklinen fan skipswrakken fuort helle.
Fisken komme dêr fêst yn te sitten. It is de tsiende kear dat de Expeditie Noordzee útfart. Earder waarden ûnder oare de Doggersbank en it Friese Front oandien. It gebiet boppe Skiermûntseach moat in wichtige skeakel wurde yn in netwurk fan beskerme seegebieten yn de Noardsee.