Topsprinters oan de start fan de Eneco Tour

09 sep 2016 - 13:58

Yn Boalsert ferskine moandei 19 septimber trije Olympyske medaljewinners oan de start fan de Eneco Tour. Freed waard bekend dat de Italiaan Elia Viviani en de Brit Mark Cavendish ek meidogge oan de seisdeiske etappekoers. De twa wûnen goud en sulver op it ûnderdiel omnium by it baanhurdfytsen. Ek Marcel Kittel docht mei en Lieuwe Westra.

De organisaasje lei earder al de Belch Greg van Avermaet fêst. Hy waard Olympysk kampioen by it fytsen op de dyk yn Rio. De start fan de Eneco Tour is moandei yn Boalsert, de finish seis dagen letter yn Geraardsbergen yn België.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)