Brânwacht komt moandei opnij yn aksje foar pensjoen

09 sep 2016 - 13:37
  • Brânwachtaksje

De brânwacht Ljouwert hâldt moandei opnij in aksje yn it sintrum fan de stêd. It doel is om in bettere pensjoenregeling te krijen. Sûnt juny hawwe der troch it hiele lân aksjes west fan de brânwacht. No moandei jout de brânwacht in demonstraasje reanimearjen oan de Nijstêd. It oerlis oer it prepensjoen foar brânwachtminsken wurdt meikoarten wer oppakt. Dat hawwe fakbûnen FNV en CNV en de VNG, de Vereniging van Nederlandse Gemeenten, witte litten.

Der is dizze wike in rapport fan in ferkenner presintearre en dat jout neffens de FNV genôch oanknopingspunten om wer yn petear te gean. De wurkjouwers wolle de leeftyd foar it prepensjoen ferheegje nei 60 jier. No kinne brânwachtminsken der tusken har 55ste en 59ste út, ôfhinklik fan it oantal tsjinstjierren. De brânwacht wiist derop dat it in swier berop is. Om it wurk profesjoneel en feilich dwaan te kinnen is it net ferantwurde om dat op hege leeftyd dwaan te bliuwen, sizze se.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)